Digitale prentenboeken - Lola op 'e moanneLink: www.leesmevoor.nl/digitale-prentenboeken/lola-op-'e-moanne.htm
Lola hat in prachtige tekening makke.
"Heit, mem, sjoch ris!"
Se huppelet de trep del nei de wenkeamer.
Maar oh oh... dan heart se it al.
Heit en mem hawwe rúzje.
Lit dy stomme tekening no ek mar.
Lola rint op 'e teannen wer by de trep op.
It is allang bedtid.
Lola hat al toskboarstele en de pyjama oandien.
Mem komt mar net om har te bestopjen.
Soe se har fergetten wêze?
Lola wynt mar yn 't bêd om.
Sûnder nachttút kin se net lekker sliepe.
Se klimt it bêd út en se stoarret nei bûten ta.
Wat in moaie ljochtsjes.
De moanne stiet fol oan 'e himel
as in freonlik gesicht.
Soe it dêr aardiger wêze as hjirre?
Hea, sjoch, in fallende stjer!
No mei se in winsk dwaan...
"Ik woe... dat ik nei de moanne koe",
lústeret se.
Der falt wat gruts troch har iepen finster.
Huh, wat is dat?
"Wat bisto?", freget Lola ferheard.
"Ik bin in winskstjer en ik hearde krekt datsto fuort est."
"Kom, klim my mar op 'e rêch,
dan meitsje wy in tochtsje!"
Dat wol Lola wol.
Se krijt de kat stevich beet.
De stjer springt troch it finster
en dêr gean se!
Se komme heger en heger.
De loft is grut en blau.
Der binne in hiele protte bruorkes en suskes fan Stjer.
Se gibelje en glinsterje.
En sjoch, de moanne, grut en rûn.
"Wat moai", ropt Lola.
"Gean wy dêr hinne?"
"Hâldt dy fest!" ropt de stjer.
"Ik lânje drekt!"
Mei in klap komme se op 'e moanne telâne.
Oei, in poatsje fan 'e stjer stiet hielendal skean.
"Au", grynt er.
"No kin 'k net goed mear fleane."
Dêr sitte se dan.
Hoe komme se no wer thús?
"Mem, heit!, ropt Lola hiel hurd.
Geane dêr de lûken iepen?
Lola har âlden wurde knap kjel
at se har sa fier fuort sitten sjogge.
"Wachtsje mar!
Wy betinke wol wat!", ropt heit.
Heit tekenet in lyts plan.
"Wannear't wy gearwurkje
dan krije wy Lola wol wer werom."
En dus gean se oan 'e slach.
Se sjouwe it bad foarsichtich nei ûnderenta.
Heit bynt allegear touwen oan it bad fest
En mem makket in hiele grutte ballon fan de wask.
Lang om let is de ballon klear.
Se fleane.
De luchtballon swevet hyltiid heger
nei de stjerren ta.
En nei Lola, dy't op harren wachtet.
"Heit! Mem!"
Lola is hiel bliid om heit en mem te sjen.
"Wy soene dy ophelje!", ropt heit.
"Spring mar, ik hein dy wol op."
En Lola belânet yn heit syn sterke earmens.
Mem suchtet fan ferlichting.
Want Lola is wer feilich werom.
Mar wat gebeurt der no?
De stjer springt op de ballon,
dy't stikken giet.
Mei in gonkje fleane se nei ûnderen ta.
En se belânje yn 'e see.
Dêr sitte se dan.
Midden op see mei allegear stikken wask
om har hinne.
Lola kriget in fijne oankrûper fan heit en mem.
Se sieten sa oer har yn noed.
En de stjer fljocht draaierich op har ta.
"Ho", seit er, "myn wjokken dogge it wer!
No kin ik jimme nei hûs ta bringe."
It bad is no in speedboat!
Wow, wat gean se hurd!
Lokkich, se binne wer thús.
Lola swaait har nije freon út,
tegearre mei har heit en mem.
"Goeie, stjer!"
Tekst: Sanne Miltenburg
Illustraties: Sanne Miltenburg
Op leesmevoor.nl gepubliceerd met toestemming van de rechthebbenden.
Alle rechten voorbehouden.